Hans van Helden

Hans van Helden
Reedrider
Hans van Helden (1975)
Hans van Helden (1975)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans van Helden
nasjonaliteit Frânsk
Nederlânsk
bertedatum 27 april 1948
berteplak Almkerk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Innsbruck 1976,
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút 1973
karriêre-ein 1992
wichtige prestaasjes
3x brûns Olympyske Spullen 1976,
1x brûns WK Allround 1976
1x sulver EK Allround 1973
1x brûns EK Allround 1974

Hans van Helden (Almkerk, 27 april 1948) is in earder Nederlânsk-Frânsk reedrider. Nei't er yn 1982 boaske mei de Frânske reedrydster Marie-France Vives kaam er tenei út foar Frankryk.

Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, trettjin kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976, 1984 en 1988). Hy behelle by dizze kampioenskippen trije brûnzen medaljes op de Olympyske Spullen, ien brûnzen medalje by it wrâldkampioenskip Allround, by it Europeeske kampioenskip allround behelle er in sulveren en brûnzen medalje. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn Frankryk hie er as reedrider net folle konkurrinsje dus koe er sûnder kwalifikaasje gedoch oan alle toernoaien meidwaan. By de Winterspullen fan 1984 waard hy fjirde op de 1500 meter wat de bêste "Nederlânske" prestaasje wie. Van Helden stie bekend as in eigensinnich persoan, dy't faaks spul hie mei oaren, apart wiene ek syn manier fan trainen yn stee fan krêfttraining trainde er mei in parasjute.

Yn desimber 2015 kaam it boek Hoe sterk is de eenzame schaatser, wêryn't syn libben beskreaun is troch Erik Dijkstra.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy